Missing product image

It buertfeest (Burendag)

SKU: Fries 290
0.00 EUR In stock Buy at Merchant

“It Buertfeest” bringt wat de titel belooft. It werkenbere roddeljen en (fer)oardielen is dan ek folop werom te finen. Mar krekt as altyd wurdt it mei in mantel fan skynhilligens tadutsen. Koarte ynhâld: Loes en dochter Lynn moatte dit jier, tegearre mei de nije buertbewenners Nel en Pieter, it buertfeest organisearje. Mar al gau docht bliken dat de ideeën alhiel ferskillend binne. As in skoftke letter buorman Marcel him, sûnder dat it him frege is, mei de organisaasje bemuoit nimt de betizing en yrritaasje ta. Ek de komst fan Lieke, de eventmanager en Florian, gemeente-amtner, wurdt net troch elkenien wurdearre. Gea, de praatsike buorfrou, hat gjin flau benul fan dit alles en is hiel bliid dat se ûnferwachts ek har stientsje bydrage kin. Dat se al gau foar in fiasko soarget dêr’t Paula, de eigneresse fan in snackwein, de dupe fan is, wie eins wol te ferwachtsjen. Gelokkich bliuwt Hans, de man fan Gea, kalm en docht syn bêst om alles yn goede banen te lieden. Mar oft dat genôch wêze sil? It stik is skreaun foar in besetting fan 6 froulju en 4 manlju, mar kin likegoed troch 7 froulju en 3 manlju, of troch 5 froulju en 5 manlju, spile wurde. Florian soe Floor hjitte kinne en Paula kin eventueel Paul wurde.

How AI sees this product

The more complete this product's details, the more confidently AI assistants can understand and recommend it.

65%