De Ronfel revolte (De rimpel revolte)
Sjenre ‘De Ronfel-Revolte’ is in dolkomysk blijspul dat him ôfspilet yn in âldereinhûs. It stik is net allinnich geskikt foar senioarentoniel, mar kin troch alle leeftiden spile wurde. Yn dat gefal moatte de measte spilers âlder makke wurde mei help fan klean en grime. Ferhaal yn it koart Aldereinhûs de Takomst is ûntstien út in fúzje tusken twa lytsere tehuzen: it sjike rêsthûs Edelburcht en it folkse âldereinhûs de Plets. Dizze fúzje rint net bepaald op roltsjes. De bewenners kinne inoar net útstean en in ferskriklike direktrise soarget foar eangst en terreur. Mar as der in mysterieuze âldman yn ‘De Takomst’ wenjen komt, slaan de frouljusherten hielendal op ’e rin! It mei dúdlik wêze dat fan in rêstige âlde dei gjin sprake mear is! Besetting ‘De Ronfel-Revolte’ hat in besetting fan njoggen persoanen. Minimaal seis froulju en ien man. Trije rollen kinne sawol troch manlju as troch froulju spile wurde.
How AI sees this product
The more complete this product's details, the more confidently AI assistants can understand and recommend it.