Autobedriuw “De hege krik” (Autobedrijf “De hoge krik”)
Yn in rêstich doarpke hat JOHAN al in tal jierren in kalme dorpsgaraazje, mei personiel dat der al likefolle jierren rêstich omrint. Alles giet yn in tempo dat foar elkenien noflik is. HARRY regelt de ferkeap, SONJA docht de ûntfangst en de administraasje en JEANET is de monteur dy’t alles op har eigen, rêstige wize reparearje kin. Meneer Frantzen en meneer De Wit komme mei harren auto’s lâns en ûnderwilens is der ek in potinsjele keaper dy’t de garaazje oernimme wol om der wat gruts fan te meitsjen. En dan komt der ek noch in âlde leafde fan JOHAN mei har campertje lâns, op wei nei Heerhugowaard. En wurdt dy Mercedes no einlings ferkocht? AUTOBEDRIUW ‘DE HEGE KRIK’ – PERSONAAZJES JOHAN – eigner, hoecht (en wol) net sa nedich mear HARRY – flitsende ferkeaper, hat wat wei fan Emile Ratelband, mar dan krekt net SONJA – hyperaktive, wat sweevjende resepsjoniste JEANET – earste monteur, docht ek mar wat Frantzen – mei ‘tz’, komt lâns mei syn Golfke, trouwe klant, praat wat affektearre; colbert mei sjaaltsje, bytsje upper-class De Wit – âlde, trouwe en fermogende klant mei in klassike Ford Capri, kin hast net mear yn- en útstappe troch syn stramme lichem en de tige lege sit Van Zwijnen – consultant fan Van Der Meer, Van Meest and Most Consultancy and More; is op jacht nei oernames, desnoads fijannich MARGRIET – âlde leafde fan JOHAN, komt tafallich lâns mei in campertje, op trochreis nei de Ardennen Alle rollen binne útwikselber. 5 manlju en 3 froulju kinne likegoed 8 manlju of 8 froulju wêze.
AI Readiness
Good foundation, but some important product data is still missing.